Romte, komyske en krityske sitcom yn Frjentsjer

Freed 9 en sneon 10 desimber spilet Tryater de foarstelling Romte by boubedriuw Van Marrum yn Frjentsjer. Fan 5 oktober ôf spilet Tryater it stik Romte, in sitcom oer wenjen. De foarstelling mei akteurs Beppe Costa, Marjolein Ley, Lourens van den Akker en Pleun de Roode spilet op bysûndere lokaasjes: Organisaasjes dy’t in link hawwe mei it tema wenjen. Sa giet de komyske en krityske foarstelling yn premjêre by de Friso Bouwgroep yn Snits.

Yn it muzikale en meartalige Romte wurdt in tiidreis makke. De spilers belibje (of belibje op ’e nij) de wenningneed yn de jierren ’50, komme yn de kunde mei útwrydske wenideeën fan de jierren ’70 en wurde konfrontearre mei de yndividualisearring yn de jierren ’90. Uteinlik komme se yn it no, dêr’t in nije wenkrisis him oantsjinnet. Fine de fjouwer personaazjes de wenfoarm fan moarn? Foar it oansnijen fan dit aktuele tema keas regisseur Eelco Venema foar de foarm ‘sitcom’: “De sitcom is in moaie en boartlike foarm om lytse en grutte problemen oan te kaarten, om dêroer nei te tinken en – hooplik – ek om laitsje te kinnen.”

Te gast by bedriuwen

Romte spilet fan 5 oktober oant en mei 17 desimber op lokaasjes yn Fryslân dy’t in link hawwe mei it tema wenjen. Tryater is ûnder oare te gast by de Friso Bouwgroep yn Snits en yn Ljouwert, de oplieding Bouw en Infra fan ROC Friese Poort yn Drachten, doarreleveransier Van Vuuren yn Grou, Bouwbedrijf Van Dijk yn Surhústerfean, Siderius Heftrucks yn Ljouwert, Noord Nederlandse Draadindustrie yn Dokkum, Spruyt Waterwoningen op It Hearrenfean en Bouwbedrijf Van Marrum yn Frjentsjer. 

Smart glasses en blinetolk

It Frysk-Nederlânske stik is tagonklik foar oarstaligen. Besikers kinne yn it foar smart glasses reservearje, sadat se it stik mei Nederlânske of Ingelske ûndertiteling folge kinne. Dêrneist is by de foarstelling op sneon 12 novimber by Siderius Heftrucks yn Ljouwert in blinetolk fan Komt Het Zien! oanwêzich. 

Op de website van het Tryater vind je meer informatie, een Trailer en hier kun je kaarten bestellen.

Nederlandse versie:

Vrijdag 9 en zaterdag 10 december speelt Tryater de voorstelling Romte bij bouwbedrijf Van Marrum in Franeker. Vanaf 5 oktober speelt Tryater het stuk Romte, een sitcom over wonen. De voorstelling met acteurs Beppe Costa, Marjolein Ley, Lourens van den Akker en Pleun de Roode speelt op bijzondere locaties: organisaties die een link hebben met het thema wonen. Zo gaat de komische en kritische voorstelling in première bij de Friso Bouwgroep in Sneek.

In het muzikale en meertalige Romte wordt een tijdreis gemaakt. De spelers (her)beleven de woningnood in de jaren ‘50, maken kennis met de uitbundige woonideeën van de jaren ’70 en worden geconfronteerd met de individualisering tijdens de jaren ’90. Uiteindelijk komen ze terecht in het heden, waar een nieuwe wooncrisis zich aandient. Vinden de vier personages de woonvorm van morgen? Voor het aansnijden van dit actuele thema koos regisseur Eelco Venema voor de vorm ‘sitcom’: “De sitcom is een mooie en speelse vorm om kleine en grote problemen aan te kaarten, om daarover na te denken en – hopelijk – ook om te kunnen lachen.”

Te gast bij bedrijven

Romte speelt van 5 oktober tot en met 17 december op locaties in Friesland die een link hebben met het thema wonen. Tryater is onder andere te gast bij de Friso Bouwgroep in Sneek en in Leeuwarden, de opleiding Bouw en Infra van ROC Friese Poort in Drachten, deurenleverancier Van Vuuren in Grou, Bouwbedrijf Van Dijk in Surhuisterveen, Siderius Heftrucks in Leeuwarden, Noord Nederlandse Draadindustrie in Dokkum, Spruyt Waterwoningen in Heerenveen en Bouwbedrijf Van Marrum in Franeker. 

Smart glasses en blindentolk

Het Fries-Nederlandse stuk is toegankelijk voor anderstaligen. Bezoekers kunnen vooraf smart glasses reserveren, waardoor ze het stuk met Nederlandse of Engelse ondertiteling kunnen volgen. Daarnaast is er tijdens de voorstelling op zaterdag 12 november bij Siderius Heftrucks in Leeuwarden een blindentolk van Komt Het Zien! aanwezig. 

Concept, tekst en regie: Eelco Venema | spel: Beppe Costa, Lourens van den Akker, Marjolein Ley en Pleun de Roode | muziek: Beppe Costa | decor: Afke Manshanden | kostuumontwerp: Afke Manshanden | lichtontwerp: Koos de Vries | dramaturgie: Peter Sijbenga | regieassistent: Raymond Muller